Home

Wolkom op de website fan It Kwartettekoar.
Hjir fine jo alles wat jo witte wolle oer ús koar, ús programma’s en ús útfierings.
Doelstelling fan it Kwartettekoar is om nije Fryske lieten en teksten te sjongen yn tsjerke en dêr bûten.

Wy sjonge graach by jim yn de tsjerke!
Hjir noch efkes ús mooglikheden op in rychje. De prizen jilde fanôf 2024.

  1. Utfiering fan ien fan ús kantates yn in tsjinst = €300 (mei it hiele koar, dirigint, pianist en fluitist)
  2. Meiwurkje oan in tsjinst mei liturgy fan de gemeente = €150 (leafst ek it hiele koar en dirigint, of as it net past in lyts groepke sûnder dirigent). Komt der in pianist by, dan wurdt it €180.

2a. Hjir kin in komplete útwurke liturgy brûkt wurde, mei in kar út Reisgenoaten, Leafde of Psalmen.
2b. De liturgy kin gearstald wurde yn oerlis mei de foargonger. De lieten fan Hertslach steane dan sintraal. Dêrneist kin û.o. it Fryske lieteboek en Fryske Taizé brûkt wurde.

As wy ek in sneontemoarn fergees by jim oefenje kinne, dan dogge wy €150 fan de priis ôf.